Friese nummerbewijzen

Gegevens over in Friesland tussen 1-1-1906 en 31-12-1950 uitgereikte nummerbewijzen (kentekens) voor auto's en motorfietsen.
(Sinds 13 mei 2008 met de gegevens van alle 41.217 uitgereikte nummers)


Untitled Document

De earste automobyl troch Parregea

Nou dat wie hwat, de earste kear dat men sa'n ding seach. It sil tink ik om njoggentsjinhûndert hinne west hawwe. Ik wie doe sa'n foech jonge fan in jier of tsien-âlve. Op in moaie middei ropt in jonge yn it Fintsje: In automobyl, in automobyl! Us heit wie yn 'e weinmakkerij oan it wurk en ik seach him de kunst ôf. Heit sei: Dêr ha jo it al. Dit komt net goed! De jonge rôp tige lûd: Hy is al by Bangma's hikke en nou Frearke brechje al foarby. Heit sei: Kom mei en helpe.
Nou wennen wy oan in wei, dy't net sa tige breed wie en oan de berm oan de trekfeart. Efter de huzen wie dan de stjonkfeart en oars wie der gjin romte. Heit hie, lyk as alle weinmakkers, om hûs en hear stikkene weinen en kroaden, soms ek in kapwein of in seas. Der wie al sa'n noed mei, hwant it paad wie bytiden wolris hwat stremd. Yn 'e bermen krige men ek lêst mei de skippers dy’t yn ‘e line rounen en troch ien en oar soms ek mei polysje fan it doarp. En dêr hie men dan sa’n automobyl! Wy koene wol weinen meitsje, mar hja wurken ûs tsjin en no noch romje foar dat ding. Kom mei, mar earst freegje: Binne de bern yn 'e hûs? Ik moast doe mei helpe, hwant der moast romte komme en ek it rak mei waskguod moast yn 'e hûs. De jonge hie it al sein: Hy giet wol sa hurd as it spoar. Heit seach him doe ek kommen en rôp: Allegearre yn 'e hûs. De doar fan 'e weinmakkerij ticht en yn 'e keamer. Doe seagen wy him foarby gean. Noch kin ik him foar my krije. De kap wie del. De man oan it stjoerrêd siet yn in moaimoadich pak, lyk as Paulus de stjoermân fan Faber. Der sieten in mannich froulju efteryn, mei greate huodden op en mei in wale oer de hiele boel hinne. Dat sil foar it stouwen west hawwe, tocht ik, hwant der kaem gjin reek ût sa'n ding, mar wol in soad moude der efteroan. Hy joech ek lûd, sa fan ,.poem.-poem". De feart wie greater as fan in hynder en wein en foar dy tiid wol fiersto hurd. De grintstienen fleagen tsjin de glêzen oan. Mem sei: no,no! Dat hat men nou fan dy greate Hânzen, sei heit. Wy geane wer oan it wurk, jonge. Wy moatte mar ris sjen as wy der ek hwat oan dwaen kinne. Hwat moai dat alle bern nei skoalle binne, oars hiene der ûngelokken fan kommen. Hoe soe 't yn Tsjerkwert by de tolhikke no komme? Ik sil tongersdei, as ik nei Boalsert ta rin, Piter al ris freegje, oft hja ek tol betelle hawwe. Ik tref Piter wol. De middeis it mar wakker ha oer dy automobyl. De jûns dan soe men der mei inoar oer prate.

No, sa kaam it dan ek. Om acht oere hinne dêr stiene dan de manlju it gefal to besprekken. Wat men net belibje kin en dan yn sa'n plakje as Parregea. Mar hja hienen der gjin eagen foar, dat hja as doarpke tusken twa stêden ynleinen, dêr't men wêze woe. Dus sieten hja der raer yn 'e knipe. De gearkomste begûn as regel by de leuning fan Jetze baes. Dêr koe men hingje op jins gemak. As wy as jonges der dan bykamen, dan seinen hja fakenfolle tsjin ûs: Lytse potten hawwe ek earen; of ek wol bygelyks: Hwat rattelje de pannen wer op 't dak. Of ek wol: Jonges, gean nei de buorren, hwant der wurdt ien by de toer op kroade. Mar dizze gearkomste wie hiel gjin geheim. Jong en âld moast witte, dat men jin no to skoar sette moast. Der wienen nochal hwat mannen by-inoar: ús heit, dan de timmerman, de ferver, de bakker, de skipper, de snider en twa arbeiders. De arbeiders smookten har jûnspypke, de oaren diene it allegearre mei de koarte piip, sa as men dat neamde. It doel wie forbiede dy Hânzen, mar hoe? De iene sei: Klaaie by de polysje. Jouwt neat, sei in oar. Né, sels oanpakke. De ferver sei it spyt my, dat ik it ding net sjoen ha. Ik ha hjoed mei twa amers kalk oan it jok nei Skuzum ta west te wytsjen. Wêz foarsichtich mannen, der is ek noch in boargemaster. Jimme moatte tuike-tuike oandwaen. Wy moatte ús net bránne! Dêr laken hja om, der waard oer praat, om as it gefaer wer kaam, in balke oer de dyk te smiten. De timmerman sei dat dit net tafoel, hwant it moast in tige langenien wêze. In juffer dêr rôle sa'n ding sa mar oerhinne. Doe kaam der in foarstel om as it koe, in swiere moune-as op 'e ein fan 'e dyk te lizzen, dwars oer yn tiid fan need. Der wiene ek beswieren tsjin. Hja kamen der net ût. De ferver tocht: by de tolhikken keare, dat soe it bêste wêze. Mar, sei in oar, as dy Hânzen dan in gûne sjen litte, geane hja der dochs wer troch. Ien fan de mannen sei, dat der op Hieslum in boer wie, dy't alris sein hie, dat hja miskien, noch wolris sa'n ding oanskaffe soene en dan mei in heak der in weintsje efteroan. Men koe dan de Hieslumer dyk lâns de molke by Faber syn boat bringe. Doe koenen hja hast net wer ophâlde fan laitsjen. Mar it waard sa njonkelytsen bedtiid. Hja seine neat mear, mar der wie ien dy tikke mei de punt fan 'e finger oan 'e foarholle. De arbeiders kloppen de piip ût en de fakljû leinen it keeske noch ris fan east nei west.

(ynstjoerd troch Enne Riemersma, Parregea)

Dit verhaal komt uit het boek "Yn it span"  uitgegeven in 1968 bij A.J. Osinga in Bolsward. Het boek bevat een verzameling korte verhalen die eerder verschenen in het blad "De Fleanende Krie". Schrijver van het verhaal is mijn pake, Geert van Slageren. Pake was wagenmaker en kruidenier in Wons. Na zijn 65e begon hij met het schrijven van korte verhalen in het Fries. Andere verhalen zijn mij niet bekend, alleen dit ene. Misschien hebben andere familieleden nog wat.
Gerard van Slageren, Hoogeveen

 

 

Zoek in de nummerbewijzen
Familie- of firmanaam:

plaats (klik hier voor een lijst):

vanaf kenteken (alléén cijfers invullen):
B-

  uitgebreid zoeken

Creative Commons License
Mits niet anders vermeld valt de inhoud van deze pagina onder een Creative Commons Licentie.