Friese nummerbewijzen

Gegevens over in Friesland tussen 1-1-1906 en 31-12-1950 uitgereikte nummerbewijzen (kentekens) voor auto's en motorfietsen.
(Sinds 13 mei 2008 met de gegevens van alle 41.217 uitgereikte nummers)


Gjin kenteken, wol in ferhaaltsje.

Ik tink yn 1934, ik wie doe 10 jier, kocht myn – lit ik mar sizze  pleechpake, dy’t ik Opa neamde – in auto, in twaddehâns  FIAT fan garage Rauwerda (en Smid ?) oan ‘e Harnzerstrjitwei yn Ljouwert. Op dat plak is no in Supermerk.
Rauwerda stapte achter it stjûr, mei de keaper fan ‘e auto, Klaas Kuperus, nêst him en hy lei him út hoe ’t it wurke mei pedalen en skeakel’poken’. D’r wie ien mei in knop boppeop, der’t men op drukke moast en in oare mei in hângreep, dy ’t ynknypt syn wurk die. (Ik bring it ûnder wurden sa’t ik it doe as jonkje seach)  Dy skeakelders folgen in hoekich paad yn ‘e flier fan de auto, wer’t in skreef siet, dy ’t like op dàt plak op ‘e naaimesine fan myn mem, wer ’t de nuddel op en del gie,  fûn ik.
Wy rieden mei ús trijen nei Marssum. Rauwerda  wie ferskate kearen oan it skeakeljen, om sjen te litten hoe ’t it gie. Op ‘e weromreis ried Opa . No en dan kreake en kraste de skeakeling, mar wy rekken rillikgau wer mei de nijkeap yn ‘e garage. Opa wie slagge ! Ik leau, dat de ferkeaper in soarte fan ferklearring skreau en dat wie genôch om dêrmei it riidbewiis te krijen.

De auto. As Tresoar it wol, dan kin ik in fotootsje stjûre, want ik wit it type net. De Fiat-dealer wit dan fêst wol mear te fertellen. Ek it B-nûmer wit ik net mear en dat is frjemd, want jonkjes sammelen kentekennûmers. En wat wienen wy bliid, wylst wy sieten op ‘e rânne fan ‘e stoepe, as d’r in K- of in P- notearre wurde koe!
De auto. In Limousine , griis yn ‘e lak, ‘silveren’ bumpers, griis learen beklaeiing fan stuollen en achterbank, in sidene ‘himel’boppe. Boppe alle rúten, útsein de foarrút sieten sidene gerdyntsjes, dy’t min mei in kwastje oan in koarde dellûke koe. Rjuchts achter, yn  ‘e  ferbrede  leuning  fan ‘e acherbank, sieten in spegeltsje, in kamke,  in boarsteltsje, in notitieboekje en in âldeklonjefleske netsjes yn mei side beklaeide útsparringen.

De auto hie in startmoter: read knopke: oan, grien knopke : út. Mar faak en dikwels moast de slinger d’r oan te pas komme, foaroan yn in gat fan de grille, om de moter oan te slaan. Opa hat ferskate kearen in klap hn fan de slinger, as de moter begûn te rinnen en de slinger net op ‘e tiid weromlutsen wie. De auto hie in claxon, mar rjuchts siet ek noch in hoarn, mei yn de auto in rubber bol. Ik hope altyd mar, dat de claxon wegerje soe en ik yn dy bal knipe mocht. En dizze Fiat hie ‘cruise control’. Dat wol sizze : ûnder it stjoer, om ‘e stjoerstange hinne siet in ribbelige wytmetalen ring, dy ’t yn ferbân stie mei de gastafier. As oan dy ring draaid waerd, dan bliuw de gong konstant. Opa demonstrearre, dat hij gjin gas hoechde te jaan, troch beide fuotten heech op te tillen en te roppen: Hy docht it sels! Ik hear noch syn frou en myn mem op ‘e achterbank…….!
Yn 1939 ruile hy de FIAT yn tsjin in Chevrolet, dy ’t yn 1942 (?) troch de besetter foardere waard. Noch tink ik: dy Fiat hienen se wol stean litten…………

It doel fan ‘e Sneinse autoritsjes – De Sneons  tefoaren wie de wein alhiel wosken en yn ‘e Simoniz-waaks setten ) wie faak de famylje. As wy op wei dêr hinne de Marsumer terp huk-ke-tuk-ke-puf-fend oerkommen wienen, dan kaam alles goed, want fierder hie de sjieke Italjaan it net swier mear.

Ik mien, dat ik ea rís yn ‘e LC lêzen haw, dat ‘er yn it lêste jier foar de oarloch yn Ljouwert noch mar 40 auto’s rieden. Ien dêrfan moat de Humber fan Dokter De Boer west hawwe, dy’t riden waard troch syn partikeliere sjauffeur! De dokter, even fierder oan ‘e strjitwei ried yn in koetske; hy hie ea in slim ûngelok makke mei syn auto, waard sein.

Treast  (1934)

Wy trijen yn ‘e skimerjûn
Sitte hwat skrousk noch yn ‘e erker
En wachtsje, oan ’t de autoljochten
Draaie de homeye yn.
It duorret lang. De marmeren pendule
Tikket hastich de menuten foart.
Al in kertier lang giet gjin auto
Mear de strjitwei lâns.

De hjerstwyn raast troch
Hege beammekrúnen en de wiete tûken
Skikke har yn rûnten om ‘e
Slingerjende lampe. De âlde frou
Sjongt fan Een karretje en
Scheepken onder Jezus’ hoede.
Dan is wer in kertier foarby.

Fûleindich tikket it klokje troch.

Mei ’t kin op ’t finsterbank
Sjoch ik nei it ûnlijich spûkjen.
It teeljocht dôvet fonkjend út.

Ik wit, dat skaden weve achter my,
Mar men is tichteby. De auto
Wurdt behoede, it klokje sjongt
Syn deuntsje tikketakjend fierder
En de tiid stiet stil…

H.A.Greydanus, Sternstraat 74, Sneek

Zoek in de nummerbewijzen
Familie- of firmanaam:

plaats (klik hier voor een lijst):

vanaf kenteken (alléén cijfers invullen):
B-

  uitgebreid zoeken

Creative Commons License
Mits niet anders vermeld valt de inhoud van deze pagina onder een Creative Commons Licentie.