Friese nummerbewijzen

Gegevens over in Friesland tussen 1-1-1906 en 31-12-1950 uitgereikte nummerbewijzen (kentekens) voor auto's en motorfietsen.
(Sinds 13 mei 2008 met de gegevens van alle 41.217 uitgereikte nummers)


B-7291

  • Gemeente Wonseradeel, Witmarsum, gemeente Wonseradeel. Afgegeven: 18-2-1924

De tar-ploech fan 1938

Wûnseradiel is in grutte gemeente kwa opperflakte. Dat hâldt yn dat der ek in protte diken binne. Yn de jierren foar de oarloch wienen dat meast macadam-diken foar de B-wegen en foar de A-wegen tarre diken. Der wienen yn dy tiid noch gjin asfalt- en betondiken sa’t dat hjoed-de-dei it gefal is. Dy diken moasten ûnderholden wurde en dêrfoar hie de Gemeente dykwurkers yn fêste en by need yn losse tsjinst. It ûnderhâld fan dy tarre diken ferrûn neffens in troch Gemeentewurken fan jier op jier fêststeld skema. Dat ûnderhâld bestie dan út it opbringen fan in nije laach tarre mei split.

De fêste dykwurkers foarmen simmers de tar-ploech. Dat tarjen moast ntl. by reedlik waarm waar plakfine. In fet fan in pearhûndert liter tarre waard mei de Westontakel op de tarmasine pleatst. Dêr draaiden se de skroefdop der ôf en de kâlde sjerpachtige tarre rûn dan yn de tank fan de tarmasine. Under dy tank brânde in flink fjoer en dat ferwaarme de tarre sadanich dat it fia in slang oer de dyk spuite wurde koe. Dat wie smoarch wurk.

Oer dy farske tarre waard fuotdaliks split struid en dan kaam de wals foar de ‘einbewurking’, it plat- en fêstriden fan dy split. It fytsen oer dy farske laach wie net bepaald geunstich foar de fytsbannen. De measte foarbygongers rûnen dan ek even mei de fyts troch de berm.

De tarmasine waard lutsen troch Emma, it Gemeentehynder. Dat stie op de Potstâl op stâl. Dat hynder wie trammak, d.w.s. it wie net bang en oerstjoer as de tram foarby kaam. Sa kaam de fuorman fan it hynder, Hessel Faber, oan de bynamme Hessel Trammak

Yn sa’n perioade fan tarjen útfanhûze it hynder nachts sa ticht mooglik by it wurk. En fansels de tarmasine en de wals ek. De ploech gong middeis net nei hûs te iten, se wienen dan ‘op in stik’. Dat hold yn dat ús heit jûns noch waarm ite moast en dan rûkten de opbakte nije jirpels ús as bern tige lekker yn ‘e noas, mar ús mem hold goed tafersjoch.

Fan thús haw ik de foto fan de tarploech. Dy foto is nommen op de dyk nei Boalsert. De rallys fan de tram binne dúdlik te ûnderskieden. De persoanen op dy foto binne flnr Jabik Sipkema, masinist fan de wals, en de dykwurkers út Tsjerkwert(?), Arum (Jan Terpstra). Wûns (?). Makkum (Hidde Lemstra), Penjum (Joh.de Vries) en Wytmarsum (Reinder Yntema). By de auto stiet de direkteur Gemeentewurken Andries Timmenga.

Bylden út it ferline, bylden dy’t wy net mear sjogge en dêr’t de jongere generaasje alhiel gjin weet fan hat.

Grou, Doekle Yntema

(fotonr: 2169. Bron: De Koepel, doarpskrante fan Wytmarsum e.o.)

trefwoorden bij foto 2169 toevoegen


oude wals, wonseradeel, witmarsum

janny (12-04-2009)


  • Heeft u een foto van de auto of motorfiets met het bovenstaande nummer dan kunt u die (gescand op 300 dpi) als bijlage bij een email sturen aan de webmaster. Bij voorkeur worden foto's met een leesbaar kenteken op de site geplaatst. Wilt u er wel bij aangeven hoe u aan de foto gekomen bent (familiebezit, uit een boek, internet). Extra informatie, gegevens van het voertuig, namen van de afgebeelde personen, anekdotes, en alles wat verder als bijschrift bij de foto gebruikt kan worden kunt u met de foto meesturen.
  • Heeft u geen foto, maar meer gegevens over de houder(s) van dit nummerbewijs of over hun voertuigen, dan kunt u onderstaand formulier invullen. Hier kunt u ook commentaar op de foto's geven (graag met vermelding van het nummer van de foto). Uw commentaar wordt na goedkeuring van een medewerker van Tresoar op de website geplaatst en kan dan ook door andere bezoekers worden gelezen.
    Indien u de twee onderstaande hokjes aanvinkt wordt uw naam en/of email adres bij uw commentaar geplaatst. Mocht u dit niet wensen zorg er dan voor dat het desbetreffende hokje niet aangevinkt is.
  • Overige reacties op deze website kunt u sturen aan de webmaster.

Commentaar op kentekens

Naam:

Woonplaats:
E-Mailadres:
Toon uw naam bij uw commentaar
Toon uw e-mail bij uw commentaar
Commentaar (max. 1.000 karakters)
karakters over

Zoek in de nummerbewijzen
Familie- of firmanaam:

plaats (klik hier voor een lijst):

vanaf kenteken (alléén cijfers invullen):
B-

  uitgebreid zoeken

Creative Commons License
Mits niet anders vermeld valt de inhoud van deze pagina onder een Creative Commons Licentie.