Friese nummerbewijzen

Gegevens over in Friesland tussen 1-1-1906 en 31-12-1950 uitgereikte nummerbewijzen (kentekens) voor auto's en motorfietsen.
(Sinds 13 mei 2008 met de gegevens van alle 41.217 uitgereikte nummers)


B-5688

  • Doeke Bosma, Irnsum, gemeente Rauwerderhem. Afgegeven: 13-9-1922

Rijbewijs van mijn vader. Hij reed op een Harley-Davidson motor.

(fotonr: 1421. Bron: Meine Bosma, Leeuwarden)

trefwoorden bij foto 1421 toevoegen

Rijbewijs van mijn moeder, Jantje Boerstra.

(fotonr: 1422. Bron: Meine Bosma, Leeuwarden)

trefwoorden bij foto 1422 toevoegen

Doeke Bosma was in de twintiger jaren knecht bij Wiersma in Irnsum. In juli 1926 waren hij en zijn baas betrokken bij een ongeluk waarbij de auto van dominee De Groot uit Oosterwolde totaal vernield raakte. Dit zijn berichten in de Leeuwarder Courant van 27 en 30 juli 1926 over dat ongeluk.

(fotonr: 1423. Bron: Meine Bosma, Leeuwarden)

trefwoorden bij foto 1423 toevoegen


Myn heit, Doeke Bosma, wie weinmakker yn Wommels. Hy hat in Indian hân en ek in 750 cc Harley Davidson type F fan 1923. Dy motor hawwe wy no yn besit.

Ik wit noch dat er dy Harley brûkte om de nije en reparearre weinen nei de boeren te bringen. In wein waard dan mei in stik tou achter de Harley spand en de bern op de wein moasten der foar soargje dat de wein en de Harley net by mekoar op riden.

Fierder wit ik ek noch dat yn de 50’er jierren de Jorwerter toer in kear ynsakke is en dat wy doe mei ús fiven op ‘e Harley (twa op ‘e tank) nei Jorwert west hawwe.

Freerk Bosma (26-04-2007)


Myn heit Doeke wie fan 1918 oant 1928 weinmakker yn Jirnsum. Hy wurke doe by Edze Wiersma, dy’t nêst weinmakker ek hannele yn fytsen, motoaren en auto’s. Yn dy tiid kocht er sels noch karrosseryen dêr’t dan ‘yn oerlis mei de klant’ in koetswurk op boud waard. Dat koetswurk wie hielendal fan hout. Dat wie ek it gefal mei de auto dy’t foar dominy De Groot makke wie en dy’t foar ôflevering tsjin in beam botste (om’t it stjoer net goed befêstige wie) en útmekoar sloech (sjoch krantestikje mei foto). De snelheid fan de auto wie lykwols minder grut dan it krantestikje suggerearret, net mear dan 20 km per oere).

Myn heit en mem rieden beiden motor. Eins hie mem mear gefoel foar de motor dan heit. Dat wie ek de reden dat hy in Harley Davidson hie en sy in Indian. By de Harley siet de fersnellingshandle op de tank (low, neutral, second, high). By de Indian moast op gefoel my de rjochterfoet skeakele wurde.

Heit brûkte de motorfyts in soad foar syn wurk, foar it fuortbringen fan de boereluchtweinen nei klanten of nei de freedsmerk yn Ljouwert. Dat moat in moai gesicht west wêze. Heit ried dan op ‘e motor, mei ien fan myn âldere broers omkeard achterop. Sy wienen mei in tou oan mekoar fêstbûn. Myn broer hie dan in stik tou beet dat oan de boerewein fêstmakke wie. In oare broer siet dan op de wein en betsjinne de rem dêrfan.

De Harley wie fan 1923 mar dy hat ‘ie pas nei de oarloch kocht. Hy wie dus al mear as tweintich jier âld doe’t er ‘m kocht, mar hy wist dat it in bêste motorfyts wie.

Alde noch ridende motors krigen om en ‘e by 1965 in ZZ-nûmer. Hy foldie net oan alle easken, want alle motors moasten in foarrem hawwe en dat hienen de Harleys fan doe noch net. Dy hienen noch in dûbelde achterrem. Der sieten oan ‘e rjochterkant twa rempedalen. Myn heit hie by it riden sokke grutte skuon oan dat hy se yn ien kear yntraapje koe. Dat gie dan wol heftich.

In moai ferhaal is noch de reis dy’t myn heit en mem mei omke Jentje en omke Meine en harren beide froulju op de motor makke hawwe oer de Ofslútdyk. It waaide doe ferskriklik hurd. It ferhaal giet dat heit en mem op de Harley omke Jentje en muoike An mei in sjaal lutsen. Dat wie noadich want omke en muoike rieden op in lichte DKW-motorfyts en muoike wie nochal swier. Dochs foldie dat blykber net want ûnderweis binne myn mem en muoike An fan motor wiksele.

Heit hat ek in T-Ford hân, mar dêr wit ik neat mear fan, omdat ik dy sels net meimakke haw. Yn ‘e oarloch is dy auto sloopt sadat ‘ie net foardere wurde koe. Hy hat der doe in boereluchtwein fan makke.

As lytsjonge, ik bin sels fan 1946, hold ik al skriften by en skreau dêr de âlde provinsjale kentekens yn. Ik wit ek noch dat ik it earste lanlike kenteken, de ND-00-01, sjoen haw, op in Ford Taunus yn Bakkefean.

Meine Bosma, Ljouwert (30-01-2008)


  • Heeft u een foto van de auto of motorfiets met het bovenstaande nummer dan kunt u die (gescand op 300 dpi) als bijlage bij een email sturen aan de webmaster. Bij voorkeur worden foto's met een leesbaar kenteken op de site geplaatst. Wilt u er wel bij aangeven hoe u aan de foto gekomen bent (familiebezit, uit een boek, internet). Extra informatie, gegevens van het voertuig, namen van de afgebeelde personen, anekdotes, en alles wat verder als bijschrift bij de foto gebruikt kan worden kunt u met de foto meesturen.
  • Heeft u geen foto, maar meer gegevens over de houder(s) van dit nummerbewijs of over hun voertuigen, dan kunt u onderstaand formulier invullen. Hier kunt u ook commentaar op de foto's geven (graag met vermelding van het nummer van de foto). Uw commentaar wordt na goedkeuring van een medewerker van Tresoar op de website geplaatst en kan dan ook door andere bezoekers worden gelezen.
    Indien u de twee onderstaande hokjes aanvinkt wordt uw naam en/of email adres bij uw commentaar geplaatst. Mocht u dit niet wensen zorg er dan voor dat het desbetreffende hokje niet aangevinkt is.
  • Overige reacties op deze website kunt u sturen aan de webmaster.

Commentaar op kentekens

Naam:

Woonplaats:
E-Mailadres:
Toon uw naam bij uw commentaar
Toon uw e-mail bij uw commentaar
Commentaar (max. 1.000 karakters)
karakters over

Zoek in de nummerbewijzen
Familie- of firmanaam:

plaats (klik hier voor een lijst):

vanaf kenteken (alléén cijfers invullen):
B-

  uitgebreid zoeken

Creative Commons License
Mits niet anders vermeld valt de inhoud van deze pagina onder een Creative Commons Licentie.